verkiezingsprogramma Frl

De Partij voor de Vrijheid (PVV) wol ta de kearn fan de mienskip trochkringe.
Wy binne in partij fan it folk, mar foaral foar it folk.
It is dêrom fanselssprekkend dat de PVV meidocht oan de gemeenteriedsferkiezings 2018.
Yn dit ferkiezingsprogramma presintearje wy jo ús kar foar Achtkarspelen.
Dêryn binne wy pragmatysk en patriottysk; wy kieze dus earst foar ús eigen ynwenners.
Wy geane út fan ús eigen krêft en wolle minder ynfloed út De Haach of Brussel.
Just mear ynfloed fan de ynwenners sels!
Wy kieze foaral foar ús ekonomy, ús frijheid, ús feiligens, ús soarch en kwaliteit fan libjen, ús omjouwing en ús jild.

Achtkarspelen is  in prachtige plattelânsgemeente en dat wolle wy graach sa hâlde.
De gearstalling fan de befolking feroaret. Wy moatte rekken hâlde mei fergrizing.
Soargje dat de âlderein, dy’t ús mienskip opboud hat, yn de eigen omjouwing goed fersoarge wurdt.  Soargje dat ús jongerein in takomst hat.

Wy wenje fier fan ’e drokke Rânestêd. De problemen dy't dêr spylje mei yntegraasje, ymmigraasje en islamisearring spylje hjir gelokkich noch net sa, mar wy moatte wach wêze.

As it dêr reint, sil it hjir drippe. En as dêr de diken brekke, strûpt it hjir ûnder. Wy sille foaral opkomme foar de belangen fan ús eigen ynwenners.
De ekonomy fan Achtkarspelen moat it hawwe fan MKB, lânbou, rekreaasje en toerisme. De gemeente moat maksimaal ynsette op stimulaasje dêrfan.
Net op ’e stoel fan de ûndernimmer sitte wolle, mar just fasilitearje yn ’e plannen van dy ûndernimmers.
Jo kinne hjirûnder mear yn detail lêze wat ús plannen binne.

Op ús webside kinne jo lêze wa’t ús kandidaten binne om sit te nimmen yn ’e takomstige gemeenteried. Dêrby stribje wy ek nei echte ynfloed, dus meidwaan  oan in takomstich kolleezje. Wy wolle graach oparbeidzje mei oare partijen, dochs sille wy altyd stribje nei ynfloed fan ús dúdlike PVV-stânpunten. En dy binne glêshelder!

“It moat oars!”

Dit ferkiezingsprogramma giet oer gemeentlike tema's:

  • Demokrasy foar de boargers fan Achtkarspelen, struktureel referinda fia it ynternet tapasse.
  • Bestjoer en tsjinstferliening.
  • Iepenbiere oarder en feiligens.
  • Ekonomy en wurkgelegenheid.
  • Ynfrastruktuer en ferkear.
  • Underwiis.

1. Bestjoer, demokrasy en tsjinstferliening:

De PVV is fan miening dat de oerheid (de gemeente) fan in regissearjende rol nei in mear fasilitearjende rol moat. Dêrby sil de karfrijheid fan de boarger sintraal stean.

Nei ideeën en plannen “fan ûnderop” moat harke wurde.

Inisjativen fan ûndernimmers net beheine mei ûnsinnige regels, mar wêr mooglik in fasilitearjende rol oannimme.

De gemeente is der foar syn ynwenners en net oarsom!

 

Meer ynfloed fan de ynwenners fan Achtkarspelen;

De PVV is fan betinken dat it systeem fan ien kear yn ’e fjouwer jier stimmen net rjocht docht oan it demokratysk rjocht fan de boargers. Hast alle partijen hawwe op ien of oare wize “yn gearwurking mei de mienskip” en “fan ûnderen op” yn harren programma’s stean. Yn ’e praktyk docht alle kearen wer bliken dat dat perfoarst ûnfoldwaande is. En faak net goed wurket. Lang net alle boargers fiele har goed heard.

Wy wolle dat de boargers echt ynfloed op foar har wichtige ûnderwerpen krije. Dat kinne ûnderwerpen wêze dy’t spylje foar de hiele gemeente, mar it kin ek nedich wêze om in beskaat doarp of gebiet te rieplachtsjen.

 

Dêrom;

  • Ynfieren fan riedjaande referinda. In mooglikheid is om in systeem op te setten wêrby’t stimberochtigen geregeld fia ynternet harren stim oer in beskaat ûnderwerp útbringe kinne.
  • Ynfieren boargerbegrutting; boargers mear behelje yn besluten oer publyk jild.
  • De begrutting fan ’e gemeente strak kontrolearje en folgje.
  • Harkje nei âlderen; ynfieren âldereinplatfoarm dat kolleezje advisearret.
  • It folk kiest syn eigen boargemaster.

Tsjinstferliening:

  • Der is iepenbierheid van bestjoer; de gemeente is transparant.
  • De gemeente behellet belanghawwers better by syn besluten.

 

De gemeente:

  • Is betrouber, tsjinstber en stelt him iepen op.
  • Makket fergunningprosedueres ienfâldiger en flugger, en skrast wêr mooglik.
  • Skaft advys Hûs en Hiem (wolstânskommisje) ôf.
  • Beheint him ta de kearntaken.

Legere lêsten foar boargers en ûndernimmers;

De PVV wol de al mar stiigjende lesten in ho ta roppe.

Dêrom;

  • Ferleegje de ûnreplik saakbelesting (OZB) flink en gjin ynflaasjekorreksje.
  • Forinzebelesting ôfskaffe.
  • Gjin hûne- en toeristebelesting.
  • Legere ôffalstoffeheffing.
  • Legere leezjes en wêr mooglik ôfskaffe.
  • Prekariobelesting ôfskaffe/weromdraaie.
  • Parkearen bliuwt oeral yn Achtkarspelen fergees.
  • Behâld en/of útwreiding fan lytse en famyljebedriuwen stimulearje.
  • Rioelheffing tsjin kostpriis (dus wurdt goedkeaper).

2. Iepenbiere oarder en feiligens:

Achtkarspelen hat gjin eigen plysjeburo mear, wylst it in grut gebiet beslacht.

Oanrydtiden út Drachten, Dokkum of Burgum wei binne (te) lang.

De PVV is fan miening dat der 24/7 foldwaande dekking wêze moat by kalamiteiten.

Dat jildt ek foar sikeauto en brânwacht.

Dêrom:

  • De plysjepost yn it gemeentehûs bliuwt ûnder kantoaroeren iepen.
  • Der komt in plysjepost ûnder kantoaroeren yn Surhústerfean.
  • Der is 24/7 foldwaande dekking fan plysje, brânwacht en sikeauto.
  • De plysje surveillearret wer yn ’e doarpen.
  • De plysje is sa útrist dat te plak oanjeften opnommen wurde kinne, bemiddelet ensfh.
  • Jongerein- en drugsoerlêst wurdt stevich oanpakt.
  • De gemeente soarget foar geregeld oerlis mei de doarpen oangeande feiligens en oerlêst.
  • Wêr nedich: tapassing fan de ASO-wet.
  • Repressyf belied tjin fêstiging fan coffeeshops yn ’e gemeente.
  • Foldwaande dekking fan sikeauto- en brânwachtposten.
  • Bysûnder omtinken foar stimulearring frijwillige brânwacht.

3. Ekonomy en wurkgelegenheid:

Achtkarspelen hat grut ferlet fan mear banen en mear wurk. De ekonomy moat groeie.

Undernimmers fertsjinje legere lêsten, flottere ôfwikkeling fan fergunningoanfragen en minder regeljouwing. De gemeente moat net op ’e stoel fan de ûndernimmer sitte.

Tinke in kânsen en foaral: fasilitearje.

Yn ús gemeente wenje in protte ZZP-ers, mar se moatte faak fier reizgje om te wurkjen.

Wy wolle se just tichterby wurkje litte, troch wurk in eigen gemeente te kreëarjen, bedriuwen nei Achtkarspelen te heljen.

Dêrom;

  • Lêsteferleging foar ûndernimmers.
  • Yndustryterreinen oanpasse en wêr nedich útwreidzje.
  • Soargje foar goede berikberens (digitaal en fysyk).
  • It starten fan nije bedriuwen fasilitearje.
  • Stimulearje fan behâld en/of útwreiding fan lytse en gesinsbedriuwen.
  • Aktive lobby by bedriuwen foar fêstiging yn Achtkarspelen.
  • Leechstân winkels oapakke (renovaasje/werbestimming).
  • Parkearen bliuwt fergees!
  • Jou agrariërs de romte; minder regels, minder lêsten. Jou harren de groei dy’t se nedich hawwe (biofergêster foar eigen gebrûk tastean). Romte biede oan en fasilitearje fan lytsskalige boerekempings en suvelhannel.
  • Undernimmers karfrijheid biede om op snein iepen te kinnen.
  • Wurkgelegenheid skeppe foar bedriuwen yn ús gemeente by oanbestegings.
  • Fergunningprosedueres ienfâldiger en flugger meitsje, wêr mooglik skrasse.
  • Undersyk nei útwreiding toeristyske mooglikheden, byg. Farplan Wide Pet en Skûlenboarch.
  • Stimulearring MOA; doelgroepmeiwurkers oan it wurk hâlde.
  • Mear sosjale wenningbou en frije sektor.

4. Soarch:

Wa’t net mear foar himsels soargje kin hat rjocht op help.

Achtkarspelen vergrizet; de groep âlderen groeit.

Dêrom;

  • Soarch moat flot en maklik by de gemeente oan te freegjen wêze (WMO-stipe).
  • Stimulearring (lytse) soarchynstellings, ek yn ’e lytsere doarpen, sadat âlderen dêr sa lang mooglik wenje kinne.
  • Net besunigje op beheindefoarsjennings.
  • Iensumens by âlderein tsjingean.
  • Groanysk siken trochgeand stypje.
  • Wurkleaze jongelju ynsette by frijwilligerswurk.
  • De húsdokter kriget wer in sintrale en gruttere posysje in ’e soarch.
  • Genôch ambulânseposten yn de gemeente.
  • Stimulearjen mantelsoargers.

5. Ynfrastruktuer en ferkear:

Flotte berikberens is ûnmisber foar in goede ekonomy.

De oanlis en it ûnderhâld fan wegen nei it Rykswegenet moat dêrom optimalisearre wurde. Knyppunten yn de N-358 mei byg. lânbouferkear oplosse.

It ûnderlizzende wegenet, ynklusyf feilige fytspaden, oerstekplakken en ferljochting optimalisearje.

Dêrom:

  • Soargje foar flotte berikberens kearnen.
  • Oanlis fytstunnel by de Uterwei.
  • Oanlis en ûnderhâld wegen optimalisearje.
  • Wêr nedich soargje foar bettere ferkearsfeiligens en trochstreaming.
  • Effektive glêdensbestriding.
  • Mear goed ferljochte fytspaden oanlizze. Bern moatte oer feilige fytspaden nei skoalle kinne.
  • Digitale snelwei oanlizze (fluch ynternet troch glêsfezelkabel, ek yn ’e bûtengebieten)
  • Wifi-hotspots yn doarpskearnen.

6. Underwiis:

Goed ûnderwiis is de basis foar de takomst.

Alle bern moatte nei in goede en feilich berikbere skoalle kinne.

Yn ús wetterrike omkriten is swimme kinne tige wichtich.

Der moatte mooglikheden kreëarre wurde om wer een ambachtsfak te learen yn byg. de bou, de lânbou, ICT, wege- en wetterbou, ensfh. 

Dêrom;

  • Oeral in goed en feilich berikbere basisskoalle.
  • Stimulearring fan berne- en pjutteopfang.
  • Behâld lytse basisskoallen; sa nedich fusearje; soargje dat de skoalle iepenbliuwt.
  • Der is in groeiend ferlet fan fakminsken; dêrom de ambachtsskoalle wer werom.
  • Taalefterstannen weiwurkje by bern; de fiertaal is Nederlânsk en Frysk.
  • Pesten op skoalle hurd oanpakke.
  • Mear omtinken foar heitelânske skiednis yn it basisûnderwiis.
  • Bern net breinwaskje mei eangstsenario’s oer opwaarming fan ’e ierde en oar, net ûnderboud jeuzelpraat. Sels neitinke wurdt stimulearre.
  • Skoalswimmen (wer) ynfiere op ’e basisskoallen.
  • Bern moatte feilich nei skoalle kinne; feilige rûtes.

7. Foarsjennings:

  • Goed, betelber en tagonklik iepenbier ferfier, oant yn ’e doarpen.
  • Behâld fan klup- en doarpshuzen.
  • Foarsjennings foar doelgroepen (jongerein, âlderein, beheinden) stypje.
  • Swimbaden Surhústerfean en Bûtenpost fertsjinje stipe fan gemeente.

Skieden swimme (man/frou) net tastean.

  • Sportklups, muzykferienings en eveneminten fasilitearje.
  • Evenredige ferdieling fan de budzjetten oer de doarpen foar wenningbou, ynfra ensfh.

8. Omjouwing:

Achtkarspelen is in moaie plattelânsgemeente.

It kûlisselânschip is unyk. Dat wolle wy sa hâlde.

Ynwenners wurde jierliks op ferskate wizen foar hûnderten euro’s ekstra belêste om  duorsumensdwylsin te bekostigjen. Dat is net nedich.

Dêrom:

  • Beskerming doarpsgesichten.
  • Der komt gjin biofergêster/-sintrale by Koatstertille.
  • Gjin nije wynmûnen of wynmûneparken.
  • Oanlis toeristyske fytspaden.
  • Oanlis/fasilitearjen laadpunten elektryske fytsen.
  • Gjin duorsumenssubsydzjes.
  • Sinnepanielen prima, lykwols gjin sinneparken. En gjin subsydzje.
  • Der komme gjin moskeeën en/of AZC's yn Achtkarspelen.
  • Oanpak ûnfeilige plakken.

Keunst en kultuer:

Achtkarspelen is grutsk op syn kultureel erfgoed. Dat is goed foar it besef fan de Fryske noarmen en wearden. Dêr komt de PVV ek foar op.

Algemiene keunst- en kultuerynstellings dy’t net oerlibje kinne sûnder subsydzjes sille in oare foarm fan ynkomsten sykje moatte.

Dêrom:

  • De biblioteken bliuwe iepen.
  • Gjin keunstsubsydzjes.
  • Gjin multykulty-subsydzjes.
  • Wol stipe kultureel Frysk erfgoed.

 Bouwe en wenje:

  • Elkenien fluch ynternet, ek yn it bûtengebiet (glêsfezel).
  • Strakker tafersjoch op wenningboukorporaasje SWA.
  • Gjin wenningfoarrang foar asylsikers / statushâlders.
  • Sosjale wenningbou stimulearje* en frije sektor. It tal sosjale (lês betelbere) hierwenten moat drastysk omheech. De wachtlisten binne fierste te lang.
  • Wenningbou op basis fan ferlet by eigen ynwenners; by tawizing of gunning wurdt foarrang ferliend oan ynwennners fan de gemeente.
  • Libbensbestindich bouwen stimulearje.

 * By gemeentlike oanbestegings; safolle mooglik bedriuwen út eigen gemeente gunne, by need oanbestegings yn lytsere parten knippe.

 Fierder:

  • Utkearingsfraude/geweld tsjin personiel sosjale tsjinst; gjin útkearing mear.
  • Minsken út de doelgroep Maatskiplik Undernimmen Achtkarspelen (MOA) fertsjinje stipe fan de gemeente. Sy dogge nuttich wurk.
  • Merke mei op snein.
  • As boargers oan ûntwikkelingshelp dwaan wolle is dat te priizgjen, mar de gemeente docht dat net mei belestingjild.
  • Likemin docht de gemeente oan fairtrade.
  • Better tafersjoch dierelijen/-mishanneling.
  • Gemeente / boargemaster stiet útsettings net yn ’e wei.
  • Gjin bad-, brea- en bêdregeling yn Achtkarspelen.